Folkstún siket túnkers

De froast is noch mar amper ut’e grûn wei en de krookjes en snieklokjes sjitte omheech. Ek de folkstún oan’e Battenserreed leit te wachtsjen om oanpakt te wurden. Krekt as ferline jier binne der noch in pear kavels oer.

Dus wa ha tiid en nocht om eigen bio-jirpels, sprútsjes as hearlike ierdbeien te ferbouwen?

It is der simmers prachtich om tusken de greiden en de blommen te krewearjen en it is der betiden tige gesellich.  It soe spitich wêze dat uteinlik it gêrs de striid dêr winne sil…..  

Mear ynformaasje oer beskiberheit en kosten bij  Els Warris as Rob den Boer.

As kom gewoan ris del!

Foto’s